Frysk Jeugd Orkest

Frysk Jeugd Orkest
It Frysk Jeugd Orkest, oprjochte yn 1977, bestiet út in groep entûsjaste jonge amateurmuzykanten. It orkest hat in symfonyske besetting fan sawat sechstich leden. It Frysk Jeugd Orkest wurket neffens fjouwer kearnwearden: Plezier, Gearwurking, Dissipline en Untwikkeling. Us doel is om jonge muzikanten út Fryslân in poadium te jaan wêr’t se de wille fan mienskipsmuzyk yn in symfonysk orkest ûnderfine kinne. Tagelyk stribbet it orkest dêrneist elk yndividueel lid te ynspirearjen om him of har te ûntwikkeljen en te genietsjen fan it proses.

 

It orkest jout regelmjittich optredens yn Fryslân en oare dielen fan Nederlân. Dêrneist hat it orkest 16 toeren makke nei de Feriene Steaten, Spanje, Tsjechië, Hongarije, Switserlân, Sweden, Italië, Frankryk, Kroaasje en Slovenië. Neist it symfonyske repertoire steane ek filmmuzyk en musicalwurken faak op it programma.

 

Yn 2006 wûn it Frysk Jeugd Orkest de haadpriis fan it earste Nasjonaal Concours foar Jeugdsymfonyorkesten. Yn 2015 wûn it de earste priis yn de kategory “Grut Jeugdorkest – Symfonysk”. It orkest spile ek Carl Wittrock syn Van Oranje foar it keninklik pear by de sluting fan it 200-jierrich jubileum fan it Keninkryk Nederlân yn Theater Carré, Amsterdam. It orkest krige dizze eare troch de bêste útfiering en opname fan it stik yn te tsjinjen by in nasjonaal YouTube-muzykwedstriid. Yn 2015 krige it Frysk Jeugd Orkest de Fryske Anjer, útrikt troch de Kommissaris fan de Kening John Jorritsma. De Fryske Anjer wurdt jierliks útrikt troch it Kultuerfonds Fryslân oan in persoan, feriening of ynstelling dy’t in bysûndere bydrage oan de Fryske kultuer levere hat. Yn 2017 waard it 40-jierrich jubileum fan it Frysk Jeugd Orkest feestlik fierd mei in grut Jubileumkonsert yn de grutte seal fan Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert. Earder dy dei waard it jubileum ek fierd mei in reüny fan alle eardere leden. Yn 2024 makke it orkest syn lêste konsertreis, dit kear nei Kroaasje en Slovenië.

 

Sûnt 2015 organisearret it Frysk Jeugd Orkest de Cool Classic Concert Tour: in toer fan “meispyldagen” troch de provinsje Fryslân. In team fan muzykûnderrjochters besiket earst basisskoallen yn de regio. Bern dy’t in symfonysk ynstrumint of blokfluit spylje kinne tidens de meispyldagen repetearje mei it Frysk Jeugd Orkest. Oan it ein fan de repeteardei jouwe se mei inoar in konsert yn in echte skouboarch. Ek is der op dy dei in muzykmerk wêr’t bern ynstruminten besykje kinne en kennis meitsje kinne mei de muzykûnderrjochters.

 

It Frysk Jeugd Orkest stribbet dêrneist om minimaal 10 konserten jierliks te jaan. Sjoch yn de aginda foar kommende optredens.

 

Stifting Frysk Jeugd Orkest
Zuidvliet 282
8921ET Ljouwert
info@fryskjeugdorkest.nl

 

Bankrekken:
NL04ABNA0453823718

 

KvK-nûmer:
41003518

 

Repetysjelokaasje:
De Fontein Ljouwert
Goudenregenstrjitte 77
8922 CP Ljouwert